Ferwûne by bedriuwsûngelok

01 apr 2014 - 14:03
  • De traumahelikopter by Frisian Shipyard

By in bedriuwsûngelok yn Harns is tiisdei oan de ein fan de moarn in man ferwûne rekke. Hoe slim er der oan ta is, is noch net dúdlik. De man foel by Frisian Shipyard yn de tank fan in skip. Om him der út te heljen moast in gat yn it skip makke wurde. It slachtoffer is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Foar de helpferliening is ûnder oare in traumahelikopter ynskeakele en ek is de brânwacht oproppen. De Arbeidsynspeksje sil ûndersyk dwaan nei it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)