Ferwert: sechtsjin nije wenten

23 jun 2014 - 16:12

Wenningkorporaasje Wonen Noordwest Friesland hat moandei mei in opleveringsfeest sechtsjin nije hierwenten yn Ferwert presentearre. It giet om wennings foar ien of twapersoans-húshâldens dy't benammen geskikt binne foar senioaren. Sa sitte der gjin treppen yn en leit wensoarchsintrum Foswert tichtby, mocht der soarch nedich wêze.

Wethâlder Jaap Hijma fan Ferwerderadiel iepene de wenten tegearre mei syn mem. Sy komt yn ien fan de nije wenten te wenjen.

Wonen Noordwest Friesland is fan doel ek yn de takomst yn lytse doarpen sosjale hierwenten te bouwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)