Ferwert krijt 'applestore'

01 jan 2012 - 12:22

Yn Ferwert is nijjiersdei ek in stunt. Tongersdeitejûn binne yn it doarp al bryfkes bylâns brocht, om de ynwenners op de hichte te bringen fan in nije winkel yn it doarp. It giet dan om in saneamde 'applestore', in winkel mei kompjûters en mobile telefoans fan apple.

De winkel wurdt sneintemiddei op ludike wize offisjeel iepene, oan de haadstrjitte. Dêr stiet op dit stuit in winkel leech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)