Ferwerderadiel lilk op VNG

28 maaie 2010 - 11:35

Ferwerderadiel is tsjin it stânpunt fan 'e Feriening foar Nederlânske Gemeenten (VNG) dat gemeenten, provinsjes en wetterskippen ferdwine moatte foar regio's. It gemeentebestjoer fyn dat ûnbegryplik.

Neffens Ferwerderadiel docht út eigen ûndersyk fan 'e VNG bliken dat gemeenten goede sifers helje by it útfieren fan taken. Fierders stean gemeenten en provinsjes tichterby de ynwenners as regio's. De gemeente hat de VNG in brief stjoerd oer de kwestje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)