Ferwerda wer oanfierder CU

23 okt 2002 - 00:00

Rein Ferwerda fan Moarre sil opnij de list fan de Christen Unie oanfiere by de ferkiezings foar de provinsjale steaten. Dat is tiisdei yn Drachten besletten by it gearstallen fan de list.

De kombinaasjefraksje fan Christen Unie/SGP sit no mei trije minsken yn de steaten. De provinsjale bestjoeren oerlizze noch oer de gearwurking. Moog- lik komt der wer in kombinaasjefraksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)