Ferwendei foar Stijn Osinga

09 jun 2009 - 15:46
  • Stijn Osinga mocht ûnder oaren mei yn in helikopter

De famylje Osinga út Balk wie tiisdei de gast fan Stichting De Opkikker. Dy stichting organisearret sûnt in oantal jierren in dei wêrop gesinnen mei in siik bern bedoarn wurde. By de famylje Osinga giet it dan om de 13-jierrige Stijn, dy't in stofwikselingssykte hat. Sa mocht Stijn ûnder oaren mei yn in helikopter.

De dei wurdt ôfsletten mei in konsert fan Ali B. Neist de famylje Osinga die der ek noch in gesin út Ljouwert mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)