Ferwûne by botsing Noardburgum

18 jul 2012 - 10:39

By in ûngelok yn Noardburgum binne tiisdei twa minsken ferwûne rekke. In automobiliste (23) út Koatstertille joech gjin foarrang oan in automobilist (40) út Lelystêd. De frou ried op de Kooiweg en woe de N355 opride. Hjirby seach sy de auto fan de man oer de holle, mei in oanriding as gefolch. Beide bestjoerders rekken ferwûne en binne mei ûnbekend letsel oerbrocht nei it sikehûs.

In frou (52) fan Burgum is tiisdei ferwûne rekke by in ûngelok yn har wenplak. Se rûn sûnder goed út te sjen tusken de auto's troch de rydbaan fan de Skoallestrjitte op. In fytser (59) út Burgum ried har oan. It slachtoffer is mei ferwûnings oan de skonk oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)