Ferûngelokke F16 lokalisearre

20 jul 2006 - 09:47

De F16 dy't woansdeitemiddei by Flylân yn see delstoarte, is lokalisearre. It tastel leit yn 'e Waadsee op fjouwer kilometer fan it midden fan it eilân. By êbbe stekt de sturt boppe wetter út. De bewenners fan Flylân hawwe neat fan it ûngelok fernommen. De piloat koe himsels rêde mei de sjitstoel en hy mankearret neat. Brokstikken fan it tastel fan de Fleanbasis Volkel binne meinaam foar ûndersyk nei de oarsaak fan de crash.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)