Fertutearze stikje Snits wurdt oanpakt

09 jun 2015 - 18:32
  • Dizze fertutearze hoeke wurdt lang om let sloopt
  • De Ljouwerterdyk yn Snits

De fertutearze hoeke oan de râne fan de binnenstêd fan Snits wurdt oanpakt. It giet om de gebouwen op de hoeke fan de Twadde Easterkade en de Ljouwerterdyk. De gebouwen steane al jierren leech, mar it wie oant no ta net slagge om der in nije bestemming foar te finen.

Friso hat de gebouwen oernaam fan wenningbouferiening Accolade. Sy wolle op dizze hoeke 12 nije apparteminten en kommersjele romtes bouwe. Dêrfoar sil de besteande bebouwing sloopt wurde. De kosten fan it projekt wurde rûsd op sa'n 3 miljoen euro.

It is de bedoeling dat de skeppe begjin takomend jier yn de grûn giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)