Fertutearze ponnys ôfmakke

13 mrt 2012 - 11:02
  • Jobbegea

Op in stik lân by Jobbegea hat de plysje moandei seis fertutearze ponnys oantroffen. De plysje hie dêr in tip oer krigen en nei ûndersyk waard dúdlik dat de bisten slimme hoefklachten hiene.

In bistedoktor hat de seis ponnys ûndersocht en konkludearre dat by fiif gjin kâns mear op werstel is. Dy ponnys wurde tiisdei ôfmakke. Tsjin de eigner fan de ponnys is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)