Fertutearze loads Laaksum krijt nij libben as fiskwinkel

10 nov 2015 - 11:27
  • De sâltloads by Laaksum
  • De sâltloads by Laaksum

De fertutearze sâltloads yn it haventsje fan Laaksum wurdt lang om let opknapt. De eigener, famylje Smits út Starum, wol in fiskwinkel begjinne yn it gebou, dat earder tsjinst die as fiskôfslach. De wurkgroep Histoarysk Warns hie leaver in fiskerijmuseum yn de sâltloads hân, mar respektearret de kar fan de eigener.

De eardere fiskôfslach mei de namme De Hang is in gemeentlik monumint. It gebou stamt út 1912. It mei dêrom net sloopt wurde.

Wa't it net iens is mei de plannen foar de loads, kin no noch beswier meitsje by de gemeente. Pas dêrnei kin de restauraasje begjinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)