Fertsjustering moanne te sjen

09 nov 2003 - 00:00

De moannefertsjustering wie yn de nacht fan sneon op snein noch goed te sjen. De ferwachting wie dat it te bewolkt wêze soe om de fertsjustering te folgjen, mar it wie helder. De folsleine fertsjustering wie tusken twa en healwei trijen nachts.

By in moannefertsjustering draait de moanne troch it skaad fan de ierde. De moanne is dan in pear minuten fertsjustere. Der wie sneon noch wol in oranje-reade gloed te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)