Fertrouwen yn kabinet net grut

05 nov 2012 - 17:16
  • kabinet Rutte-2

De helte fan de Friezen hat net folle of gjin fertrouwen yn it twadde kabinet fan Mark Rutte. Sa'n 44% hat der wol fertrouwen yn en sa skoart it kabinet fan VVD en PvdA in krappe 5,6 op it rapport. Dat wurdt dúdlik út ûndersyk fan EénVandaag. De grutste groep tinkt dat it kabinet net stabyl genôch is om de fjouwer jier fol te meitsjen, 36% tinkt dat dat wol slagje sil.

De ministers dêr't men it measte fertrouwen yn hat binne Plasterk, Opstelten en Kamp. Premier Rutte stiet op it fjirde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)