Fertrouwen yn direksje Noorderbreedte noch net werom

26 okt 2015 - 21:02

It personiel fan Noorderbreedte hat noch hieltyd gjin fertrouwen yn de takomst fan de soarchynstelling. Dat die moandeijûn bliken op in gearkomste fan de trije belutsen fakbûnen. Om it fertrouwen werom te krijen fynt it personiel dat de fakbûnen in stim krije moatte. It personiel easket in rol yn de útfiering fan it ferbettertrajekt.

Ek soe de ynterim-direksje no al maatregels nimme moatte om de druk op it personiel te ferminderjen. Der moat bygelyks folle better roastere wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)