Fertroulik rapport sâltwinning

08 des 2005 - 15:01

Ek at der gjin sâltwinning plakfine soe, soe der yn Noardwest Fryslân sprake wêze fan grûndelgong en fersilting. Dat skriuwt ûndersyksburo Alterra yn in (oant no ta) fertroulik rapport. Njonken de sâltwinning hat ek it peilbehear fan it Wetterskip grutte ynfloed op it gebiet.

It rapport is noch gjin definitive ferzje. It komt pas yn de twadde of tredde wike fan jannewaris offisjeel út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)