Fertriet en begryp by Roorda

11 nov 2007 - 12:26
  • André Roorda, doe't er noch yn funksje wie

Hy is bot teloarsteld, mar net lulk. Basketbaltrainer Andre Roorda fan Aris Friesland fynt it tige spitich dat hy gjin coach mear is, mar hy wol graach dat it goed giet mei syn grutte leafde Aris. Dat seit hy neidat tiisdei bekend waard dat Roorda en Aris de gearwurking beëinigen.

Roorda frege ûnfoarwaardelike stipe fan it bestjoer, mar dat krige hy net. Neffens him is der dêrom gjin fertrouwen mear om fierder te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)