Fertraging wurk spoar Starum

28 jul 2010 - 07:19
  • Ramptoeristen yn Starum

Spoarbehearder ProRail ferwachtet yn de rin fan de moarn klear te wêzen mei it fuortheljen fan wagons by it stasjon fan Starum. De opromwurksumheden soene om tolve oere fannacht klear wêze, mar dat is net slagge.

It fuortheljen fan de ûntspoarde wagons wie dreger as ferwachte. Sa kamen meiwurkers in soad liedings en kabels tsjin en moast der hiel foarsichtich wurke wurde. Ek waard fierder ûndersyk dien nei de oarsaak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)