Fertraging wentebou Skylge

16 okt 2003 - 00:00

De bou fan 24 nije wenten op in âld bedriuweterrein oan 'e westlike râne fan Skylge driget wat fertraging op te rinnen. De provinsje hat ûnterjochte it bestimmingsplan dêrfoar goedkard, sa fynt de Raad van State. Dit om't der mar 10 oant 16 meter romte sit tusken it nijbouplan en it besteande strânpaviljoen De Walvis.

De projektûntwikler en Steatsboskbehear wolle wol meiwurkje oan it opskowen fan it paviljoen oer tritich meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)