Fertraging troch heech wetter

11 aug 2014 - 09:39
  • Fearboathaven Harns

Yn ferbân mei de ekstreem hege wetterstân yn de Waadsee hat de MS Midslân fan rederij Doeksen moandei fertraging. De boat fan 10.45 oere fan Skylge nei Harns fertrekt om 13.00 oere. De boat fan Skylge nei Harns soe om 13.15 fertrekke, mar dit wurdt 15.30 oere.

Troch it hege wetter past de boat net ûnder de brêge. Dêrtroch kinne passazjiers en de fracht net oan board komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)