Fertraging treinen yn spits

10 mrt 2008 - 10:41

It treinferkear tusken Ljouwert en Grins is moandei muoisum op gong kommen. Yn it wykein riden der gjin treinen fanwege grut ûnderhâld oan it spoar. Troch in steuring yn in oergong ûntstie der moandei grutte fertraging. Trije treinen fan Ljouwert nei Grins foelen út yn de drokke moarnsspits.

De wurksumheden binne goed ferrûn. By Ljouwert is de brêge oer it Alddiel fernijd en tusken Bûtenpost en Grins binne de spoarstaven ferfongen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)