Fertraging trein Ljouwert-H'fean

19 sep 2004 - 17:44

It treinferkear tusken Ljouwert en It Hearrenfean hat sneintemoarn nochal wat fertraging oprûn troch wurksumheden oan de boppelieding. Dy hie om 07.30 oere klear wêze moatten, mar dat slagge net. Dêrtroch wie der mar ien spoar beskikber en moasten treinen betiden lang wachtsje.

Ekstra komplikaasje wie dat it fanwege de houseparty, yn Thialf op It Hearrenfean, ekstra drok wie yn de trein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)