Fertraging traverse De Lemmer

08 des 2011 - 15:33

De oanpak fan de traverse troch De Lemmer rint fertraging op. Der is op dit stuit net genôch jild om de provinsjale dyk troch de Lemmer te ferbetterjen. De provinsje makke dat tongersdei bekend.

Oanpassings oan de traverse kostje 37,5 miljoen euro. Yn de plannen wurdt ûnder mear rekken hâlden mei de oanlis fan in akwadukt. Ungefear de helte fan it jild is rûn. It ûntbrekkende bedrach moat komme út besunigings fan oare projekten. Dêr nimt Provinsjale Steaten pas takom jier in beslút oer. It net trochgean fan it oanpakken fan de dyk betsjut in grutte tebeksetter foar de gemeente Lemsterlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)