Fertraging Saailân nei froast

07 des 2010 - 22:28

De winter soarget foar fertraging by de bou fan de apparteminten en winkels op it Nij Saailân yn Ljouwert. Troch de kjeld kin der net wurke wurde oan it stoarten fan beton foar de gebouwen oan it Ruiterskwartier.

De bou fan de parkeargaraazje rint gjin fertraging op, allinnich de dakbedekking op it boppeste stik kin wat letter oanbrocht wurde. De ferwachting is dat de fertraging by de bou fan de winkels en it museum letter wer ynrûn wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)