Fertraging op it spoar troch steuring

05 mrt 2016 - 15:05

Treinreizgers fan Fryslân nei Swol hawwe sneontemiddei al in pear oeren lêst fan in stikkene boppelieding tusken Meppel en Swol. Dêrtroch ride der gjin treinen, mar bussen. De reis duorret dêrtroch in healoere oant in oere langer as oars. Neffens de NS is it ûndúdlik hoelang as it duorret foar de steuring oplost is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)