Fertraging Oostergoplein oer

11 des 2013 - 16:26
  • (foto-ympresje)

It ferkear kin woansdei fan 16.00 oere ôf wer sûnder fertraging oer it Oostergoplein yn Ljouwert ride. Dat hat de gemeente witte litten. Automobilisten hiene de hiele middei lêst fan it wurk oan de ferkearsljochten fan it plein. De horizontale peallen dêr't de ferkearsljochten oan fêstsitte, moasten ferfongen wurde. De gemeente hie ferkearsregelers ynset, mar dochs ûntstiene der lange files. Mar no is it wurk wer klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)