Fertraging nijbou skoalle

15 apr 2011 - 21:23

De nijbou fan basisskoalle De Opslach yn Frjentsjer rint moannen fertraging op. Yn it nije gebou, oan de IJsbaanweg, komme neist de basisskoalle ek de berneopfang en it fuortset ûnderwiis fan it Simon Vestdijk Kolleezje.

Troch it winterwaar is de nijbou op achterstân kommen en sille de bern yn stee fan nei de simmer earst yn oktober, nei de hjerstfakânsje, ferhúzje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)