Fertraging grut kassekompleks

20 jan 2010 - 15:48

It glêstúnbougebiet by Seisbierrum wurdt net mei 200 bunder útwreide. De Raad van State seit dat nei oanlieding fan beswieren fan de Fryske Miljeufederaasje en de Waadferiening. Der is neffens it CBS ferlet fan maksimaal 34 bunder.

De útwreiding mei 200 bunder kin mei maksimaal in jier fertraging gewoan troch gean. Dat seit wethâlder Twerda fan Frjentsjerteradiel as reaksje op it skrassen fan it nije bestimmingsplan foar dizze útwreiding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)