Fertraging foar reizgers fan en nei Skylge

01 aug 2015 - 10:25

Reizgers fan en nei Skylge ha sneon ek noch te krijen mei grutte fertragingen. Fearboat De Midslân krige freed motorproblemen. De ferwachting wie dat dy problemen al oplost wêze soene, mar dat is net it gefal. Ien fan de ûnderdielen is nei it fabryk stjoerd.

De besteande tsjinstregeling wurdt no mei fertraging útfierd. It frachtskip Noord Nederlân wurdt ynset om auto's oer te setten. De passazjiers wurde mei de snelboat Tiger oerset. It is ien fan de drokste wykeinen fan it jier.

De hoop is dat it ûnderdiel snein werompleatst wurde kin. Ek snein moat dêrom earst noch rekken hâlden wurde mei fertragingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)