Fertraging foar nij akwadukt

30 maaie 2006 - 10:35

It wurk oan it akwadukt yn de Jeltesleat by de Hommerts rint seker trije moanne fertraging op trochdat in part fan de daamwand ynstoarten is. Projektlieder Doornbos tinkt lykwols dat de fertraging wer ynrûn wurde kin. Dat soe kinne troch mear minsken yn te setten en langere dagen te meitsjen.

Goed trije wike lyn sakke in part fan de daamwand yn fan it akwadukt yn oanbou. De skea wurdt rûsd op tusken de heal miljoen en 1 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)