Fertraging fearboaten yn Harns

03 sep 2010 - 12:02
  • Festivalgongers ûnderweis nei Flylân....
  • ...mar dizze froulju wolle nei Rock 'n rollstreet op Skylge

Minsken dy't freed nei Skylge of Flylân geane moatte rekken hâlde mei fertragings. Dit komt trochdat mar ien steiger beskikber is. Dat soene der twa wêze, mar it is rykswettersteat net slagge in needsteiger te pleatsen.

Troch Rock 'n Rollstreet op Skylge en it festival Into the Great Wide Open op Flylân stappe hjoed 10.000 minsken op de boat. Oant no ta ha hast alle boaten in fertraging fan mear as in kertier. Rykswettersteat dielt kofje út oan de wachtsjenden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)