Fertochten ynbraak langer fêst

25 jan 2013 - 18:00
  • Ynbraak

De twa manlju fan 21 en 22 jier dy't sneintejûn yn Frjentsjer nei in ynbraak oanhâlden binne, bliuwe langer fêstsitten. De twa waarden oppakt doe't twa plysjes har by sporthal De Trije kontrolearje woene. Se naaiden út, mar koene koart dêrnei oanhâlden wurde. Ut ûndersyk die bliken dat se ynbrutsen hiene yn in hûs oan de Sexbierumerwei. De plysje tinkt dat se ferantwurdlik binne foar noch mear ynbraken, yn Frjentsjer en Harns. It ûndersyk is noch yn folle gong. De plysje slút mear oanhâldings net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)