Fertochten wapene oerfal frij

16 mrt 2011 - 18:22

De fiif fertochten, dy't tiisdei fanwege de oerfal op juwelier Kramer yn Ljouwert oanhâlden wienen, binne allegear wer frijlitten. De plysje jout ta dat se neat mei it hiele barren te meitsjen hân ha, se binne dan ek net mear fertocht. De fiif wienen mei in soad machtsfertoan troch in arrestaasjeteam oanhâlden.

De juwelier waard tiisdei om healwei alven oerfallen troch twa manlju op in scooter. Se bedrigen it personiel mei in pistoal en namen sieraden mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)