Fertochten strjitrôven oppakt

18 okt 2007 - 09:43

It spesjale strjitrôfteam fan de plysje yn Ljouwert hat koartlyn fiif oerfallen oplost. Der binne trije fertochten oanhâlden. Twa sitte noch fêst.

Der ha dit jier 84 strjitrôven west yn Ljouwert. Yn 70% fan de gefallen waarden minsken oerfallen yn it sintrum. Omdat it tal strjitrôven heech is, hat de Ljouwerter plysje in spesjaal team opset. Dat hat op it stuit tweintich saken yn ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)