Fertochten stellerij oppakt

25 sep 2008 - 10:07

De plysje hat twa manlju út Snits en Ljouwert oanhâlden fanwege stellerij fan in fiskersboatsje. Se wiene oan it farren yn 'e buert fan Offenwier. Doe't se plysjes op 'e wâl seagen, naaiden se út. De plysjes fûnen dat fertocht en dêrom waard der in sykaksje opset.

Uteinlik waarden de manlju fûn yn in auto by in camping. Yn de auto lei in stellen bûtenboardmotor. De Ljouwerter hie pûdsjes mei drugs by him. It fiskersboatsje lei by de camping.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)