Fertochten Sienema-saak oppakt

20 feb 2001 - 10:21

De plysje fan Estlân hat trije manlju oanhâlden yn ferbân mei de ferdwining fan Pier Sienema. De Fryske sakeman is sûnt ein ferline jier wei. De fertochten binne oppakt op oanwizings fan Sienema syn soan. De plysje wol fierder gjin meidielings jaan.

Sienema is bekend as direkteur fan BC Fashion op 'e Westerein en eigner fan de Kooistra Kleanwinkels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)