Fertochten pakketsje oppakt

16 jan 2013 - 17:30
  • De manlju fan de EOD dwaande mei har ûndersyk

De plysje hat twa manlju oanhâlden yn ferbân mei it fertochte pakket by it stasjon fan Wolvegea. Dat wie ôfrûne freed. It giet om twa ynwenners (20 en 21) fan Wolvegea. De twa binne oanhâlden nei't tsjûgen heard binne en nei in buertûndersyk. De plysje giet derfan út dat it om in grap giet dy't út de hân rûn is. It pakketsje bestie út in tal flessen mei floeistof dy't oanelkoar plakt wienen, mei elektroanika derby. De EOD stelde fêst dat de floeistof ûngefaarlik wie. Troch it pakketsje wie der in oerenlange fertraging yn it treinferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)