Fertochten oppakt foar strjitrôf

06 okt 2004 - 13:20

De plysje hat de ôfrûne twa moanne alve fertochten oppakt foar strjitrôf. It lêste healjier waarden yn Ljouwert fjirtich minsken oerfallen op strjitte. Sa waard in Ljouwerter fan 60 jier mei in mes stutsen. Yn in oar gefal berôven twa famkes fan 16 en 18 jier in man dy't krekt dêrfoar 100 euro pind hie.

De measte fertochten sitte noch fêst. Der is gjin sprake fan in bende. De plysje hie seis resjersjeurs op de 'saak-Strjitrôven' set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)