Fertochten mishanneling pakt

15 maaie 2008 - 09:57

De plysje hat trije fertochten oanhâlden fan de mishanneling fan in ynwenner fan Rotsterhaule (19). Dy waard snein 4 maaie by in feesttinte yn Hoarnstersweach yn syn búk en tsjin syn holle en rêch skopt. Hy moast behannele wurde troch in dokter.

De fertochten binne in ynwenner fan Jobbegea (19), fan 'e Gordyk (20) en fan Opsterlân (19). Twa fan har hawwe bekend. De trije wurde freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris. De saak krige earder omtinken yn Plysjepost.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)