Fertochten mishanneling oppakt

11 mrt 2006 - 10:35

De plysje op de Jouwer hat woansdei trije manlju oanhâlden fanwege swiere mishanneling. Dat wie yn de Midstrjitte yn de nacht fan sneon op snein. It giet om trije Jousters, ien fan 17 en twa fan 19 jier. Trije minsken rekken ferwûne by de mishanneling.

De fertochten binne yntusken wer frij. Se wurde beskuldige fan iepenlike geweldpleging. Ien fan de 19-jierrige Jousters is ek noch poging ta swiere mishanneling te leste lein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)