Fertochten LPF-brân oanhâlden

16 maaie 2007 - 12:50
  • By it LPF-gebou wurdt drok wurke om rommel op te rêden
  • In byld fan de brân yn april

De plysje hat earder dizze wike fjouwer fertochten oanhâlden fanwege de brân by it LPF-fabryk oan de Tesselschadestraat yn Ljouwert. Trije wiene belutsen by it yn brân stekken fan it gebou, de fjirde wist der fan mar is neffens de plysje ûnskuldich.

De fertochten wiene yn it leechsteande gebou op syk nei oare jonges. Doe't se dy net fûnen makken se in brantsje dat ûnbedoeld grut waard. By de brân op 18 april kaam ek asbest frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)