Fertochten konifearebrân bekenne

07 des 2006 - 09:59

De trije jongens dy't fannewike troch de plysje oanhalden binne op fertinking fan branstifting op 'e Jouwer hawwe diels bekend.

Twa fan de trije sizze ferantwurdlik te wêzen foar in grut diel fan de brânstiftings. De oare wie neffens eigen sizzen belutsen by ien gefal. It giet om trije jonges tusken de 18 en 23 jier út de Jouwer. De plysje slút mear oanhâldings net út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)