Fertochten Harns langer fêst

06 jun 2013 - 17:21

De twa fertochten fan belutsenheid by de moard op de 34-Harnzer dy't heal maaie dea fûn waard yn syn hûs, bliuwe noch 90 dagen langer fêstsitten. It giet om in 36-jierrige Harnzer en in 52-jierrige frou út Makkum.

It slachtoffer waard yn de nacht fan 20 op 21 maaie dea fûn yn syn hûs oan de Domela Nieuwenhuisstrjitte. Der wie neffens de plysje sprake fan fertochte omstannichheden. In ûndersyk nei de tadracht rint noch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)