Fertochten frij yn saak Club Q

28 maaie 2010 - 19:30

De twa fertochten dy't sûnt tiisdei fêstsitte foar belutsenheid by de grutte fjochtpartij yn Club Q op 18 april komme frij. De twa jonges dy't as earste oanhâlden binne, sitte noch hieltyd fêst. Oan de gefolgen fan de fjochtpartij is de 16-jierrige Redmar Smedema fan Burgum ferstoarn.

Neffens de rjochter-kommissaris is der net genôch oanlieding in 17-jierrige ynwenner fan Broeksterwâld en in 19-jierrige ynwenner fan Damwâld, fêst te hâlden. Se bliuwe wol fertochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)