Fertochten fjochterij Club Q

08 maaie 2010 - 10:37

De plysje siket trije jonges dy't mooglik belutsen wiene by de fjochtpartij yn Club Q wêrby't de 16-jierrige Redmar_Smedema om it libben kaam.

It giet om jonges fan 16 oant 20 jier en se binne sa'n 1.75 meter lang. Ien fan harren hat in smel postuer, koart ljocht hier en hy hie in swart fest fan Adidas oan. De twadde jonge hat ljocht hier en hat in normaal postuer. De tredde fertochte hat rossich hier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)