Fertochten fernielerij oppakt

05 jan 2008 - 09:56

Yn Arum binne oant no ta tsien fertochten heard oer fernielings yn it doarp mei Ald en Nij. In pear ha ek al bekend dat se dêr by belutsen west ha. De plysje wurket mei fjouwer minsken oan de saak.

Yn Arum waarden ferkearsbuorden en in bushokje fernield. Ek sneuvele in rút fan in hûs troch fjoerwurk. Yn it doarp wie ek in grutte brânbult makke. De plysje slút net út dat der noch mear minsken oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)