Fertochten fan ynbraak

08 mrt 2013 - 11:10
  • Ynbraak

Yn Wurdum binne tongersdeitejûn twa manlju fan 20 jier út Ljouwert oanhâlden. Se wurde fertocht fan ynbrekkerij. De plysje fûn guod yn harren auto dat nei alle gedachten stellen is. It giet ûnder oare om sieraden en ark. Boppedat hie ien fan de twa manlju net in jildich rydbewiis.

De fertochten binne fêstset. De plysje docht fierder ûndersyk nei it guod dat yn de auto fûn is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)