Fertochten fan mishanneling Jouster (16) arrestearre

30 mrt 2015 - 12:02

De plysje op It Hearrenfean hat fjouwer fertochten oanhâlden foar in swiere mishanneling yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris. In 16-jierrige Jouster waard doe op de Oude Koemarkt sa slim mishannele dat er yn it sikehûs opnaam wurde moast.

De fertochten binne in 18-jierrich famke út Ketlik, in 19- en in 22-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean en in 24-jierrige ynwenner fan Donkerbroek. Se soene it slachtoffer sûnder oanlieding mishannele hawwe. Tsjin de fertochten is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)