Fertochten deade man noch fêst

18 feb 2011 - 17:36

Trije manlju dy't oanhâlden binne om't se mooglik wat te krijen ha mei de dea fan in Snitser yn in hûs op It Hearrenfean bliuwe foarearst fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris freed besletten.

De Snitser (46) waard woansdei fûn yn in hûs oan de Compagnonstrjitte. Op deselde jûn binne twa Feansters (52 en 55) oanhâlden om't se mooglik wat te krijen ha mei de dea. Ien fan har wie de bewenner fan it hûs. In dei letter waard noch in Drachtster (29) oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)