Fertochten C1000-oerfal oppakt

09 feb 2001 - 10:43

De plysje hat tiisdei seis minsken oppakt foar de oerfal op in C1000-filiaal yn Snits, ein ferline jier. By de fertochten thús binne trettjin fjoerwapens, 600 gram harddrugs en in himpkwekerij oantroffen. De arrestanten komme út Snits en Ljouwert.

Nei ferhoar binne twa fan 'e seis frijlitten. Tolve resjersjeurs wurkje op 't stuit oan in oplossing fan de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)