Fertochten brúnfiskmishanneling melde har by de plysje

11 mrt 2016 - 09:43

Fiif fertochten hawwe harren meld yn it ûndersyk nei de mishannele brúnfisk by Seisbierrum. Dy waard hast twa wiken lyn fûn op de Seedyk. It bist hie gjin kop mear en de yngewanten wienen der úthelle. Boppedat wie it bist achter in auto oan sleept. De plysje hat in oprop op Boargernet dien en dêr hawwe de fiif op reagearre.

It giet om trije jonges fan 17 út Súdwest-Fryslân, Boalsert en Drylts, in jonge (18) út Heech en in man (21) út Minnertsgea. Se hawwe sein dat de fisk al dea wie en dat se de fisk allinnich út it wetter helle hawwe.

Dêrby rekke de kop los. Dêrnei hawwe se it bist achter auto oan sleept, wêrby't de yngewanten der út kamen. Se binne dêr sa fan skrokken dat se útnaaid binne. Der wie noch in sechde fertochte by belutsen. Dy moat him meikoarten op it plysjeburo melde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)